Wettertaksys moatte hurder

27 jan 2011 - 10:39
  • Wettertaksys moatte ek nachts hurd farre

Wettertaksys op de Waadsee moatte tastimming krije om nachts hurder te farren as de 20 km. yn 'e oere dy't no tastien is. Dat fynt de steatefraksje fan de VVD. De partij freget de provinsje aksje te ûndernimmen rjochting de minister.

De taksys meie no allinne oerdei op folle kracht farre. Omdat wettertaksys ek faak by urginte sitewaasjes ynsetten wurde, moat de beheining der ôf. Rykswettersteat hat de bedriuwen sein dat se ekstra kontrolearje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)