Wettertaksy wer yn bedriuw

04 maaie 2009 - 14:01

Wettertaksy De Stuw sil nei jierren fan fertutearzing dizze simmer wer troch Grou en omjouwing farre. Restaurateur Jan Hofstede út it wettersportdoarp hat de boat hielendal opknapt. Op Twadde Pinksterdei wurdt de wettertaksy wer te wetter litten.

Yn it ferline hat De Stuw jierrenlang tsjinst dien by offisjele eveneminten yn Grou. De boat waard nei de Twadde Wrâldoarloch kocht troch Jacques Tempel út it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)