Wettertaksy Grou opknapt

01 jun 2009 - 16:37
  • De âlde wettertaksy is wer hielendal by de tiid

Yn Grou is pinkstermoandei de histoaryske wettertaksy De Stuw te wetter litten. De boat is opknapt troch de Grouster Jan Hofstede. Hy hat der fiif jier oer dien. Troch tsjinslaggen yn it persoanlik libben hat de restauraasje langer duorre as de bedoeling wie.

De boat is yn 1946 boud yn Spakenburg. De âlde, fertutearze wettertaksy hat in skoft op it eilân De Burd lein. De boat wurdt net brûkt as offisjele taksy, mar inkeld privee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)