Wettersuvering Burdaard klear

14 okt 2007 - 11:42

Yn Burdaard wurdt ein oktober de wettersuvering weriepene. Oan de útwreiding en renovaasje is moannen wurke. Der is ûnder oare in nij roaster yn kaam, dat smoargens en foarwurpen út it wetter filteret. Ek sit der no in apparaat yn dat it slyk yndikket. De wettersuvering foldocht hjirmei wer oan de easken.

Yn Burdaard wurdt it ôffalwetter fan húshâldens en bedriuwen fan in hiel soad doarpen yn de omjouwing suvere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)