Wettersteuring oplost

14 jan 2014 - 08:58
  • Vitens

In grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân hat tiisdeitemoarn oeren sûnder wetter sitten. De meldings kamen út de hiele Súdwest-hoeke. Neffens wetterberdriuw Vitens hiene goed alve oere alle minsken wer wetter, mar út de buert fan Balk komme noch meldings dat de stoaring dêr noch net foarby is. De oarsaak wiene lekkaazjes troch spontane kabelbreuken op twa plakken, by Drylts en by Spannenburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)