Wettersteuring De Jouwer e.o.

18 mrt 2011 - 11:51
  • Foto: Omrop Fryslân

Ynwenners fan De Jouwer en doarpen dêr omhinne sitte op dit stuit sûnder wetter. Neffens wetterbedriuw Vitens is der by grûnwurk yn de Wilhelminaleane in lieding rekke.

Doel is no de oanslutings mei in oare lieding fan wetter te foarsjen. Vitens hopet dêr de kommende oere mear dúdlikens oer te krijen. Yn dat gefal soe der al gau wer wetter levere wurde kinne. Slagget it net, dan moat earst de stikkene lieding makke wurde en duorret de steuring folle langer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)