'Wetterstêd Snits' giet troch

14 nov 2013 - 20:37

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat yn grutte mearderheid ynstimd mei de plannen foar de oanlis fan in nije farferbining by de súdlike rûnwei fan Snits del. De nije wetterferbining rint fan de Geau oant de Wâldfeart. Kosten fan it projekt wurde rûsd op goed 3 miljoen euro.

It oanlizzen fan de wetterpartij moat de fertutearze súdkant fan de stêd in stik moaier meitsje en boppedat in nije rûte biede oan boatsjeminsken. Der binne noch wol soargen oer in nije fytsbrêge by de Lemmerwei. Dy wurdt neffens it fytserbûn te steil.

It kolleezje hat no tasein om mei it fytsersbûn om tafel te gean om te sjen oft dêr in oplossing foar te betinken is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)