'Wettersprong' kostet 12 miljoen

19 jun 2003 - 00:00

De fúzje fan 'e seis Fryske wetterskippen ta ien nij wetterskip Fryslân sil op syn meast 12 miljoen euro kostje en wurdt dêrmei djoerder as earder tocht. De wetterskippen stutsen earder ek al miljoenen yn it tarieden fan 'e fúzje.

De 12 miljoen komt út de reserves fan wetterskip Fryslân, mar wurdt yn fjouwer jier tiid wer weromfertsjinne. It kantoar fan wetterskip Marne Middelsee yn Boalsert giet ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)