Wettersportseizoen iepene yn Terherne

06 apr 2015 - 16:03

Under grutte publike belangstelling is op peaskemoandei yn Terherne it wettersportseizoen iepene. De feestlike iepening is tagelyk in soad reüny.

Der wie in soad te dwaan yn it doarp. Alle winkels wiene iepen en der wie in bradery. Fierders koene minsken fergees meifarre op in boat. Bern koene yn in grutte, trochsichtige plestik bal it wetter op. Der wiene ek âlde skippen te sjen en it Kameleondoarp wie iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)