Wettersportferiening Boalsert striidt troch foar haven

11 sep 2015 - 12:03
  • Ek it skiphûs fan de feriening is bot oan ferfanging ta
  • Op it plak fan dizze túntsjes hienen no boatsjes lizze moatten

De wettersportferiening Boalsert leit him der noch net by del dat der gjin passantehaven komt yn de stêd. De gemeente Súdwest-Fryslân seit dat der net genôch jild foar is. De oanlis fan de haven is ûnderdiel fan in grutter plan, wêrby't ek it skiphûs fan de wettersportferiening oanpakt wurde soe.

De gemeente hie dat de feriening sels foarsteld. Dy hat der de ôfrûne jierren in soad tiid ynstutsen, mar no giet it earst net troch. De wettersportferiening siket no nei mooglikheden om der dochs noch wat fan te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)