Wettersporters yn Snits online

19 jul 2010 - 20:42

Wettersporters yn Snits dy't graach witte wolle wat dêr allegearre te dwaan is, kinne dat sûnt koart opsykje op fergees triedleas ynternet. Minsken kinne op 'e iPhone of laptop ynlogge op in netwurk fan de gemeente.

Dat netwurk stjoert harren dan nei in site dy't mear ynformaasje jout oer de stêd en de omlizzende doarpen. Sa kin ynformaasje fûn wurde oer de hoareka, aktiviteiten of musea yn de stêd. It projekt is in inisjatyf fan ûnder oare de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)