Wettersporters benaud oer útwreiding eilantsjes Snitsermar

16 feb 2016 - 16:56
  • Grutte sânskippen by de eilantsjes

Wettersportferiening KWS út Snits en de wettersportferiening fan Goaiïngaryp meitsje harren soargen oer it breder meitsjen fan in tal eilantsjes yn de Snitsermar. Dat wurdt dien mei bagger en basaltblokken en de wettersportferienings binne benaud dat by hurde wyn yn wedstriden sylboaten tsjin de blokken oanfarre.

It wurk oan de eilantsjes soe moandei al begjinne, mar fanwegen de problemen dy't de wettersportferienings der mei hawwe is der woansdei earst noch in oerlis mei de provinsje. Dy is opdrachtjouwer foar it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)