Wettersportambysje Balk

29 feb 2012 - 22:47

Balk moat yn de takomst in populêr wettersportdoarp wurde troch ûnder mear de komst fan in grutte passantehaven en de bou fan tsientallen rekreaasjeapparteminten. Dat stiet yn it masterplan Wetterfront Balk dat takom wike yn de gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat behannele wurde sil.

De gemeente en de provinsje ynvestearje goed trije miljoen euro yn it projekt. De ferwachting is dat ferskate bedriuwen foar hast tweintich miljoen euro yn it plan stekke sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)