Wettersport lijt ûnder waar

14 jul 2004 - 10:34

De wettersport yn Fryslân hat dúdlik te lijen fan it minne simmerwaar. It seizoen wol mar net op gong komme. It tal boaten is in kwart minder as ferline jier.

De provinsje telt alle moannen by acht sluzen en tsien brêgen it tal boatsjes dat Fryslân ynfart. Yn 20 jier wie it tal noch net sa leech. De ferwachting is wol dat it boatsjeferkear letter yn 't jier wat oanlûke sil, mar de skea sil net mear ynrûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)