'Wetterskipslesten op 'e skeppe'

24 mrt 2005 - 08:07

Húseigners moatte tenei mear belesting betelje oan it wetterskip. Dat wol de Unie van Waterschappen. De uny pleitet yn in brief oan steatssekretaris Schultz fan Ferkear en Wettersteat foar in herfoarming fan de wetterskipslêsten.

Minsken krije yn dat nije stelsel tenei noch mar twa oanslaggen: ien foar it suverjen fan it wetter, de oar foar it ûnderhâld fan de seediken. Ek wol de uny it kiesstelsel ienfâldiger meitsje. Dat moat minsken nei de stimbus lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)