Wetterskipslêsten 8 euro heger

25 nov 2013 - 12:31

De wetterskipslêsten gean takom jier mei sawat acht euro omheech. Dat betsjut 2,6 prosint foar hûshâldens yn Fryslân. De sifers stean yn de konsept-begrutting fan Wetterskip Fryslân dy't moandei presintearre waard.

It Wetterskip moat mear jild freegje omdat de organisaasje hieltyd mear taken fan it ryk en fan 'e provinsje oernimme moat. Boppedat drukke ynvestearrings lykas it opheegjen fan diken en it renovearjen fan ferâldere gemalen op de begrutting.

Yn de begrutting is foar 3,1 miljoen oan strukturele besunigings opnaam. Dêr moat by tocht wurde oan besunigings op it ûnderhâld oan skouwen, wetterkearings, grienûnderhâld en baggerwurk. De organisaasje sels moat ek ynkrimpe.

De konsept-begrutting sil op 2 desimber bepraat wurde yn de advyskommisje foar Wettersysteembehear en Finânsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)