Wetterskipslêst minder heech

22 des 2004 - 16:21

It Fryske wetterskip hat de kosten foar de boargers mei 2,5 prosint ferhege. Dat is minder as op alle oare plakken yn Nederlân. De leden fan it bestjoer hienen der op oantreaun dat de Fryske befolking takom jier net tefolle betelje moatte soe. Nei fjouwer oeren praten gie it deistich bestjoer op de winsken fan de oare bestjoersleden yn.

Yn it foarjier praat it wetterskip oer it mearjierreplan 2006-2010. Dykgraaf Van Erkelens slút ferheging dan net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)