Wetterskipsferkiezings mei CDA

12 mrt 2008 - 09:23

As earste polityke partij yn Fryslân sil it CDA ein dit jier meidwaan oan de wetterskipsferkiezings. Dat hat it algemien bestjoer fan 'e partij besletten. De Fryske ôfdieling fan 'e kristendemokraten folget dermei it advys op fan it lanlike bestjoer.

Troch in nije wet is it sûnt koart mooglik om as politike partij mei te dwaan oan de ferkiezings fan Wetterskip Fryslân. De partij sil no te set mei programma en kandidatelist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)