Wetterskippen ien kantoar

04 jul 2006 - 11:23

It belestingkantoar fan Wetterskip Fryslân en twa wetterskippen yn Grinslân en Drinthe moat takom jier septimber losgean. De gearwurking yn ien kantoar besparret tonnen yn it jier.

De algemiene bestjoeren fan twa wetterskippen moatte noch mei it plan akkoart gean. It bestjoer fan wetterskip Hunze en Aa's hat al foar it plan stimd. It belestingkantoar moat komme yn Hoogkerk yn Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)