Wetterskip stelt Woudagemaal dochs iepen foar publyk

17 nov 2015 - 11:50
  • ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer

It Woudagemaal op De Lemmer is de kommende dagen iepen foar publyk. It Wetterskip sette it gemaal moandei fanwege de hege wetterstân wer oan. Besikers kinne de kommende dagen sjen hoe't it gemaal yn de praktyk wurket. Om't de ôfrûne moannen asbest út it gebou ferwidere is, hat it Wetterskip earst ûndersocht oft der gjin asbestdieltsjes mear yn de loft sieten.

It gemaal is no fan 10 oere moarns oant 5 oere middeis iepen foar publyk en draait yn alle gefallen oant en mei freed. Dêrnei wurdt besjoen oft it noch langer nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)