Wetterskip stekt trije ton yn projekt Mozambyk

03 jul 2015 - 11:36

Wetterskip Fryslân stelt foar de kommende twa jier 300.000 euro beskikber foar it projekt 'Skjin Wetter foar Mozambique'. It Wetterskip is al jierren mei it projekt dwaande en hat nei eigen sizzen in soad berikt. Op mear as 100 skoallen binne foar 120.000 bern toiletten boud.

Mei it ekstra jild kin it projekt útwreide wurde nei it noarden fan it lân. De provinsje docht ek mei oan it projekt. Nei de simmer beslute Provinsjale Steaten oft sy ek ekstra jild beskikber stelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)