Wetterskip spuit ekstra wetter

23 des 2013 - 11:41
  • It Hooglandgemaal yn Starum

Wetterskip Fryslân set it Hooglandgemaal by Starum oan, om wat te dwaan oan de hege wetterstannen. Op dit stuit stiet it wetter 6 oant 7 sintimeter te heech. Op earste en twadde krystdei binne de omstannichheden neffens it wetterskip net sa geunstich foar it spuien by Lauwerseach.

De hege wetterstân soarget op dit stuit noch net foar grutte problemen. Ek it Woudagemaal by De Lemmer hoecht foarearst noch net op stoom brocht te wurden. Ferline jier wie dat wol nedich yn de krystfakânsje. Der kamen doe alle dagen tûzenen besikers.

Fanwege de ferwachte stoarm wurde moandeitemiddei boppedat in tal fan kearslûzen sletten. It giet om de kearslûzen by Terherne, Lange Sleat, Goaiïngaryp, Broek en de Jousterslûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)