Wetterskip sprekt reserves oan

21 okt 2009 - 20:50

It Wetterskip Fryslân moat de reserves oansprekke om de begrutting slutend te krijen. It giet om 1,1 miljoen euro. It Wetterskip hat lêst fan de ekonomyske krisis. Boppedat bringe de reserves minder rinte op. Troch skerper oan te besteegjen is 7,5 miljoen euro minder útjûn.

It wetterskip sil besjen hoe't de organisaasje effisjinter wurkje kin. Healwei takom jier moat dúdlik wurde hoefolle oft der besparre wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)