Wetterskip sil dúdliker skriuwe

29 okt 2005 - 12:14

Wetterskip Fryslân hâldt by it útjaan fan in folder tenei better rekken mei argewaasje oer de sâltwinning yn Noardwest-Fryslan. De aksjegroep 'Laat het zout maar zitten' en de provinsjale FNP lizze de tekst yn in folder fan it wetterskip sa út dat de opbringst fan de wetterskipslesten brûkt wurdt foar de skea troch de sâltwinning.

Neffens it Wetterskip is de tekst ferkeard útlein. Sâltfabryk Frisia betellet foar de skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)