Wetterskip set skiep yn

23 maaie 2007 - 22:11

It wetterskip Fryslân set dizze simmer skiep yn om it gêrs op guon kaden yn de provinsje koart te hâlden. It giet om 400 Drintse heideskiep dy't begelaad wurde troch in herder en syn hûn.

Foardiel fan de skiep is dat se op plakken komme kinne dêr't in meanmasine net by kin. It is goedkeaper en ek it túch bliuwt langer fuort. Freed wurdt de keppel foar it earst ynset tusken Rie en Doanjum

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)