Wetterskip set gemalen stil

29 nov 2010 - 11:30

Yn ferbân mei de froastperioade set it Wetterskip Fryslân de gemalen yn de polders út dêr't dat ferantwurde is. Dat betsjut dat der minder wetter bykomt op de Fryske boezem. Snein hat it Wetterskip al besletten om op te hâlden mei it ôfstreamen fan de Fryske boezem.

Dêrtroch komt it wetter ta rêst en dat befoarderet de iisgroei. Der wurdt ek alle dagen troch it Wetterskip kontakt hâlden mei it iisbûn oer de lokale situaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)