Wetterskip set gemalen stil

14 jan 2013 - 17:00
  • Logo Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân set de kommende dagen de gemalen út. Dat dogge se om de iisgroei net yn it paad te sitten. De ferwachting is dat de froast de kommende dagen oanhâldt. De omstannichheden foar iisgroei binne geunstich. Der wurdt hast gjin delslach ferwachte en der is amper wyn.

Der hat moandeitemiddei oerlis west mei ûnder oare waarman Pyt Paulusma en It Frysk IIsbûn. Om acht oere hinne wurde earst de slûzen tichtset. Letter fan 'e wike folgje de poldergemalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)