Wetterskip set 3 seegemalen yn

03 feb 2004 - 00:00

De trije Fryske seegemalen draaie tiisdei folút om it oerstallige wetter út de Fryske boezem fuort te wurkjen. Mei troch de hurde wyn sit der noch in soad wetter yn it noarden fan de provinsje. It Miedemagemaal by Swarte Haan is ien fan de trije seegemalen, dy't ynset wurdt. Dit gemaal pompt alle minuten 800 kúb wetter it Waad yn.

It wetterskip ferwachtet dat it wetterpeil tiisdei yn 'e rin fan 'e dei begjint te sakjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)