Wetterskip by provinsje hâlde

04 nov 2009 - 10:28
  • Tineke Schokker wol wetterskip yn provinsje hâlde

Deputearre Tineke Schokker fielt neat foar ien noardlik wetterskip. Neffens dykgraaf Van Erkelens is dat in opsje om't de wetterskippen de kommende jierren bot besunigje moatte.

Neffens Schokker is ien wetterskip per provinsje folle better, om't provinsje en wetterskip oer itselde gebiet geane. Boppedat is de wetterhúshâlding yn Fryslân hiel oars as yn bygelyks Grinslân. Ien noardlik wetterskip kin neffens Schokker net goed genôch opkomme foar de Fryske belangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)