Wetterskip pakt gemaal oan

20 mrt 2009 - 17:12

Wetterskip Fryslân begjint nije wike mei de útwreiding fan it Hooglandgemaal yn Starum. It gemaal kin nei de útwreiding 20 prosint mear wetter fuortmealle. Dat is nedich omdat der troch de klimaatferoaring hieltyd mear wetter te ferwurkjen is.

Neist de útwreiding fan de kapasiteit krijt it gemaal ek in opknapbeurt en kin it yn 'e takomst ek op ôfstân betsjinne wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)