Wetterskip net nei Snits

14 maaie 2004 - 00:00

Wetterskip Fryslân krijt net in nij kantoar yn Snits. Dat hat it deistich bestjoer besletten. It wetterskip sil it gebou fan it eardere wetterskip Boarn en Klif op De Jouwer brûke.

It die bliken dat it gebou op de Jouwer dreech te ferkeapjen wie. Troch nei dat gebou werom te gean besparret it wetterskip twa miljoen euro. It gebou op De Jouwer moat noch al útwreide wurde. De tachtich meiwurkers wiene al tydlik ûnderbrocht yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)