Wetterskip moat plat wurde

26 apr 2006 - 15:22

Wetterskip Fryslân moat in platte organisaasje wurde wêrby't de direksje him ek dwaande hâldt mei útfierende saken. Dat fine alteast it Algemien Bestjoer en de ûndernimmingsried.

It deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân hie graach in oare organisaasjestruktuer hân mei trije man yn in sintrale direksje. Mar dat útstel helle it tiisdei net op de gearkomste fan it wetterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)