Wetterskip mealt wer

13 jan 2009 - 17:28

Wetterskip Fryslân set de bemealling fan it boezemwetter wer yn gong. Freed waarden de grutte gemalen stilset sadat it iis oangroeie koe. No't it teiwaar is en it reint, moat der wer ôfwettere wurde. De bemealling wurdt geandewei opstart. As it te hurd giet kin der skea ûntstean oan wâlkanten en beskoeiing dêr't iis oan fêst sit.

Foar de kommende tiid wol it Wetterskip in leger wetterpeil as gewoanwei, sadat gjin problemen ûntsteane by in nije froastperioade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)