Wetterskip mealt noch troch

14 jan 2013 - 11:18
  • Logo Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân giet foarearst troch mei meallen. Op dit stuit streamt noch grûnwetter de polders yn dat fuortmeald wurde moat, sa seit in wurdfierder.

It wetterskip hat moandeitemiddei oerlis oer de situaasje en de waarsfoarsizzings mei Piet Paulusma, it Frysk IIsbûn en de provinsje. As it meallen stilset wurdt, kin it iis better oangroeie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)