Wetterskip mealt noch net

30 des 2010 - 10:26

Wetterskip Fryslân hâldt de gemalen yn de polders tongersdei yn elk gefal noch út om derfoar te soargjen dat it natoeriis gjin skea oprint. Allinnich op plakken dêr't it wetter te heech komt, steane de gemalen efkes oan om wetteroerlêst foar te kommen.

Der binne by it Wetterskip op dit momint trije modellen foar it foarútsjoch fan it waar en dat binne froast, kwakkelwaar en folslein teiwaar. Freed sil it Wetterskip de saak op 'e nij besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)