Wetterskip lit wetter ynrinne

19 apr 2011 - 11:38

It wetterskip lit ekstra wetter út de Iselmar de provinsje ynrinne, om de wetterstân yn de sleatten en fearten op peil te hâlden. Fanwege de hege temperatuer ferdampt der op dit stuit in soad wetter. Dat soe foar problemen soargje kinne by de boeren dy't it wetter nedich hawwe om har bougrûn te bereinen.

Troch ekstra wetter yn te litten wurdt in tekoart tefoaren kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)