Wetterskip leit gemalen stil

11 des 2002 - 00:00

Wetterskip Fryslân hat tiisdei om 22.00 oere alle gemalen stillein om it wetter ta rêst te bringen. Sa kin der moai glêd iis foarme wurde. It stillizzen wie mooglik om't it wetterpeil net te heech stie. As it in soad reine sil, moatte de gemalen wer oan.

It stillizzen fan de gemalen betsjut lykwols net dat it iis no al betrouber is. It wetterskip advisearret reedriders inkeld te riden op iisbanen of plakken dêr't rûtes útset binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)