Wetterskip kontrolearret kaden

10 feb 2005 - 15:15

It wetterskip Fryslân sil ein dizze moanne kaden yn Fryslân kontrolearje. De skou wurdt dit jier foar it earst yn hiel Fryslân dien. Reden dêrfoar is dat de wetteroerlêst yn de provinsje tanimt. It wetterskip wol dêrom alle kaden goed yn de gaten hâlde.

Fryslân hat goed 3200 kilometer oan wetterkearing. Meiwurkers fan it wetterskip sille by de ynspeksje by de kaden delrinne. De ynspeksje duorret fjouwer wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)