Wetterskip jout workshops oan bern mei it each op banen

29 maaie 2015 - 12:44
  • Foarljochting oer it fangen fan muskusrotten

Wetterskip Fryslân hat no alfêst maatregels naam foar nij personiel. De kommende fyftjin jier driget it wetterskip de helte fan it personiel kwyt te reitsjen. De wurknimmers binne yn trochsneed boppe de fyftich jier en der binne net genôch jonge minsken as opfolgers.

Dijkgraaf Paul van Erkelens hat besletten dat der wat barre moat. Begjin dit skoaljier is in spesjaal programma foar Fryske skoallen úteinset. Freed krigen learlingen by it Woudagemaal foarljochting oer it wurk fan it wetterskip om bern entûsjast te meitsjen foar in baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)