Wetterskip jout startsein foar de ferkiezings

18 feb 2015 - 14:05
  • Kantoar fan it Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

By Wetterskip Fryslân is woansdeitemoarn it startsein jûn foar de kampanje foar de wetterskipsferkiezings. Dy ferkiezings binne op 18 maart, tagelyk mei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten. Dykgraaf Paul van Erkelens rekkenet op in folle hegere opkomst as oars troch dizze kombinaasje fan ferkiezings. Oan de wetterskipsferkiezings dogge dit jier tsien partijen mei.

Njonken bekende politike partijen dogge ek trije aparte wetterskip-partijen mei: it giet om Water Natuurlijk, Lagere Lasten Burger en Bedriuw Boer Boarger Wetterbelang.

Om kiezers te helpen by it meitsjen fan in kar tusken dy tsien partije is der in kieskompas makke oan de hân fan stellingen. De formaasje BBB Wetterbelang hat der foar keazen om NET mei te dwaan oan dat Kieskompas. Listlûker - en boerinne - Trienke Elshof fan Aldetrine kin har net fine yn de stellingen op it Kieskompas, sy fynt se te swart-wyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)