Wetterskip hâldt op mei spuien

09 jan 2009 - 17:54

Wetterskip Fryslân hat it spuien fan wetter by Dokkumer Nije Silen freed stillein. Der sil ek besocht wurde it meallen fan wetter út de polders te beheinen. Dat is better foar de iisoangroei. It Wetterskip hat de ôfrûne wike sa'n 10 miljard liter wetter de Waadsee ynstreame litten.

Dat wetter wie it gefolch fan 'e rein en it teiwaar. As dat wetter net fuortpompt wie, hie it wetterpeil 20 sentimeter heger west. Dat hie dan soarge foar wetteroerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)