Wetterskip hâldt miljoenen oer

12 maaie 2014 - 12:23
  • Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

Wetterskip Fryslân hâldt oer 2013 hast trije miljoen euro oer. Der wurdt al jierren reorganisearre en besunige by it wetterskip, mar dit resultaat is gjin reden om dêr mei op te hâlden, fynt deistich bestjoerslid Roel de Jong. It wetterskip hat te krijen mei grutte ynvestearrings yn bygelyks it opheegjen fan diken en it ferfangen fan ferâldere gemalen.

It positive resultaat oer 2013 betsjut heechút dat de kosten foar de boargers wat minder omheech gean as earder noadich wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)