Wetterskip hâldt jild oer

29 sep 2008 - 17:41
  • It wetterskip hat tefolle jild ophelle

Wetterskip Fryslân hâldt jier op jier jild oer. De direksje lûkt de konklúzje dat tefolle belesting oplein wurdt. Dit jier giet it om 2,2 miljoen euro. In part fan it jild is telâne kaam yn de reserves. Dat it wetterskip jild oerhâldt komt fral trochdat plannen net op 'e tiid útfierd wurde. En dat komt trochdat regeljouwing fertraging opsmyt.

It wetterskip jout gjin jild werom, mar sil dit ferrekenje yn de tariven foar de kommende jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)