Wetterskip hâldt 6 miljoen oer

11 jun 2007 - 17:05

It wetterskip Fryslân hat ferline jier 6,2 miljoen euro oerhâlden. It grutste part fan it jild komt troch it útbeteljen fan in lease-konstruksje. Dêrby kaam in lytse 5 miljoen euro frij. Fierder is der troch effisjinter te wurkjen in protte jild oerbleaun. Mei de ekstra sinten wol it wetterskip de reserves oanfolje.

Foardiel hjirfan is dat de tariven dy't boargers betelje dan net sa hinne en wer hoege te skommeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)