Wetterskip: goedkeaper wurkje

22 okt 2009 - 12:38
  • Wetterskip Fryslân draait op reserves

It Wetterskip Fryslân kin troch mear gear te wurkjen mei de provinsje jild besparje. De FNP wol dat der in ûndersyk komt nei it ynioar skowen fan beliedsôfdielings fan 'e ynstânsjes. It Wetterskip hat it dreech de begrutting slutend te krijen. Der moat in berop dien wurde op 'e reserves. De FNP fynt dat soks net kin en dat der snijd wurde moat yn kosten en taken fan it Wetterskip. Sa moat ek sjoen wurde nei in goedkeapere oplossing foar it nije gemaal by Lauwerseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)