Wetterskip giet net oer op Fryske domeinnamme .frl

02 nov 2015 - 16:28
  • Kantoar fan it Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

Wetterskip Fryslân giet op ynternet net offisjeel oer op de domeinnamme www.wetterskipfryslan.frl. Der komt wol in side wetterskip.frl, mar de namme wetterskip.nl bliuwt de earste opsje.

It wetterskip fynt de oergong nei .frl te djoer. Alle briefpapier, fisitekaartsjes en flaggen soene dan oanpast wurde moatte. Boppedat soe de side wetterskip.frl earst lestich te finen wêze, omdat de namme ûnbekend is. Boppedat falt ûnder it Wetterskip Fryslân ek it Westerkwartier yn Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)