Wetterskip Fryslân sil kommende jierren bot ynvestearje

31 aug 2015 - 10:54
  • Kantoar fan it Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

Wetterskip Fryslân wol de kommende jierren bot ynvestearje yn diken, kaden, gemalen en bergingsgebieten. Dat stiet yn de mearjierplannen fan it nije bestjoer fan it wetterskip. De ynvestearrings moatte derfoar soargje dat Fryslân droege fuotten hâldt en dat alles yn de takomst goed op oarder is. Dêrom giet de begrutting omheech fan 129 miljoen euro yn 2016 nei 153 miljoen euro yn 2020.

Om dat betelje te kinnen, wurdt it jild dat de ôfrûne jierren sparre is, brûkt. De belesting foar de boargers giet wol omheech, mar minder as de ôfrûne jierren. Om hoefolle it krekt giet, wurdt yn novimber bekend. Dan wurdt de begrutting foar takom jier makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)