Wetterskip frijút by oerlêst

29 okt 2012 - 23:01

Wetterskip Fryslân falt neat te ferwiten yn de oanpak fan de wetteroerlêst oan it begjin fan dit jier. Dat fine hast alle partijen yn it algemien bestjoer. Se stelle dat der wol learmominten binne, mar dat de ynwenners fan Fryslân nea yn gefaar west ha troch it hege wetter.

Allinne Lagere Lasten Burger wie kritysk. De partij woe sels dat it loko-dykgraafskip fan deistich bestjoerslid Roel de Jong ôfnommen waard. De Jong hie it by de wetteroerlêst begjin jannewaris foar it sizzen. De krityk krige gjin stipe, sadat De Jong net fuort hoecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)