Wetterskip freed ek te beljen

06 jan 2012 - 08:30
  • It gebou fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

It call center fan it Wetterskip bliuwt freed ek iepen foar fragen en meldingen fan minsken oer it hege wetter. It call center waard tongersdeitemiddei ynsteld en hie it binnen de koartste kearen sa drok dat der fersterking komme moast. Ek de nachts waard der noch wol belle, mar net sa'n soad as oerdeis.

It wetterskip wol graach fan minsken hearre wêr't problemen binne, sadat se dy in kaart bringe kinne en der wat oan dwaan kinne. It nûmer fan it call center is 058 - 292 22 22.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)