Wetterskip eigner melkkwotum

20 mrt 2006 - 11:27

Wetterskip Fryslân is mei-eigner fan in ûnbekende hoefeelheid melkkwotum. Deistich bestjoerslid Lieuwe Tamminga fan Wetterskip Fryslân waard dêr koart- lyn yn de praktyk mei konfrontearre. It giet om boeren dy't hoekjes lân, meast diken, pachtsje fan it wetterskip.

Foar de fúzje dy't late ta it hjoed- deiske Wetterskip Fryslân is by in pear boezemwetterskippen besocht út te sykjen hoefolle melkkwotum it wetterskip hat. Dat hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)